Woansdei 19 juny stie de taalnota FANSELS FRYSK op de aginda fan Provinsjale Steaten. Foar de CDA fraksje is it Frysk fanselssprekkend, ús taal ferriket it libjen yn Fryslân, it is ûnskiedber ferbûn oan ús kultuer en ús mienskip. It draacht by oan ús lok. Krekt lykas by de kultuernota wurdt hjir ek struktureel besúnige. In oantal partijen brocht nei foaren dat der noch mar koartlyn in ôfspraak makke is mei it ryk yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. En dat it dan no gjin goed sinjaal is, dat hjir minder jild beskikber is. Sa liket in yndie. Mar it ryk wie tidens de ûnderhannelings foar de nije bestjoersôfspraak al op ‘e hichte fan de finansjele sitewaasje fan de Provinsje. CDA Fryslân is dêrom bliid dat dit kolleezje dochs de romte fûn hat om yn dizze bestjoersperioade sa’n 50,6 miljoen te ynvestearjen yn it Frysk, sa brocht wurdfierder Attje Meekma nei foaren yn it debat.

In soad saken kinne dochs ek gewoan trochgean mei ynsidintele middels, lykas Mercator, de ûndersykspoat fan de Fryske Akademy, dy’t taal- en ûnderwiisûndersyk docht by minderheidstalen yn Europa. It nije taalbelied sil mear útgean fan doelen yn sté fan besteande strukturen. Dat is yn prinsipe altyd in goede ûntwikkeling. Sa is der 1,2 miljoen beskikber foar goede plannen en projekten foar it Frysk en wurde in oantal besteande organisaasjes oanset ta gearwurking en ferdielen fan taken. De streektalen lykje der wat bekaaider fan ôf te kommen, mei minder struktureel jild. Mar lykas by it Frysk is ek hjir it jild net fanselssprekkend. Mei goede plannen kinne streektalen meiprofiteare fan de 1,2 miljoen ynsidinteel jild en der binne fanwege de bestjoersôfspraak mei it ryk meartaligheidskoördinatoaren beskikber. Gemeenten hawwe lykwols de grutste ferantwurdlikens foar de streektalen, at dy jild beskikber stelle wolle, slút de Provinsje hjirby oan.

Wurdfierder Attje Meekma joech ta beslút oan de Provinsjale finansjele ûntwikkelingen, mar ek de útfierberens fan it taalbelied mei de beskikbere middels en minsken, de kommende tiid sekuer te folgjen. “Weardefolle ynstellings, betûfte frijwilligers, befleine beliedsamtners, Omrop Fryslân, it giet ús oan it hert. Wêr nedich sille wy fan ús heare litte. Mar wy wolle de Provinsje en it Fryske fjild earst de kâns en de tiid jaan om de nota kleur te jaan. Tûk gearwurkje, sichtber wêze, ynspylje op nije ûntwikkelingen, lykas it opnij útfinen fan in moai en effektyf Taalkado. Wy sjogge moaie kânsen mei dizze nije taalnota yn ús meartalige Fryslân”.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.