Ik herinnerje it my noch goed. In wolf dy’t yn 2018 skiep oanfallen hie yn Rinsumageast, ien doarp fierderop. De eigener, dy’t ik twa wike letter trof op in buurtfeest, wie der noch bot foar wei en hie der in oantal nachten net fan sliept. “Elke moarn tink ik: wat tref ik hjoed oan”.

De wolf hat in beskerme steat yn Europa. Net ien kin op dit momint de gefolgen fan de komst fan de wolf yn Nederlân oersjen. In swalkjende wolf reiziget yn in pear dagen troch it hiele lân en rjochtet op ûnferwachte plakken skea oan. Dêrneist is it frij logysk dat der, troch de beskermde steat, nije roedels ûntstean. Om de saak yn ‘e gaten te hâlden en de skea te regeljen is der in ynterprovinsjaal wolveplan oannommen.

De provinsjes gean dus meiinoar oer de beskerme wolf. Allinnich yn it kader fan feilichheid fan minsken of at it om in probleemwolf giet mei der no ôfskot plakfine. Al yn 2017 spruts in mearderheid fan it Europeesk Parlemint him út foar de foarstellen fan de CDA EU-fraksje om problemen mei wolven diedkrachtich oan te pakken. Yn regio’s dêr’t de populaasje net mear bedrige is, moat de beskerme status selfs wizige wurde.

In pear swalkjende wolven út it bûtenlân en in lytse roedel op De Veluwe soargje no al foar flinke skea yn Nederlân. Dat beheint ‘em net allinnich ta deade bisten. Der is ferfolchskea dy’t net betelle wurdt: skiep dy’t stresst binne, fersmite of skiep dy’t gjin molke ha foar de lammen. Neist de kosten foar previntieve maatregels en de emosjonele skea.

By definitive fêstiging fan de wolf wurdt it noch yngewikkelder. De Provinsje moat dan, krekt lykas mei de guozze-oanpak, in plan ha. De Provinsje sil in soad jild stekke moatte yn it finansieren fan preventive maatregels. Feehâlders moatte dan  stekken pleatse, oars komme hja net mear yn oanmerking foar skeafergoeding. Wy tinke dat in soad (hobby)skieppehâlders dan ophâlde, sadat der minder fee yn it lân rint. Krekt wat ús ynwenners net wolle. Minder fee bûten hat wer gefolgen foar it bioferskaat en dus ek de greidefûgels. En wurdt Fryslân moai fan al dy stekken? En wat binne de gefolgen dan foar it oare wyld yn ‘e greiden?

En wêr dogge wy it foar? Foar in soart dy’t hjir troch de grutte befolkingsgroei net mear past. Yn it wolveplan stiet letterlik: “voor de wolf is relevant dat Nederland te klein is om ook op de langere termijn een populatie wolven te huisvesten, die op zichzelf groot genoeg is om een gunstige staat van instandhouding te bereiken”.

Dêrom kiest CDA Fryslân derfoar om no in dúdlik sinjaal te jaan. De wolf past net yn ús prachtige provinsje, mei iepen greiden. Wy wolle it lânskip mei fee net opofferje foar de wolf. Je soene sizze kinne dat it foarbarich is. Yn Fryslân hat de wolf al wol taslein, mar ‘em noch net fêstige. Mar safier moat it ek net komme. Yn Dútslân binne fanôf de earste wolf yn 2000 al 80 territoaria, it kin dus hiel hurd gean. Wy ha it foarbyld fan de guozzen, dêr’t te lang wachte is mei in oanpak. It CDA fynt dêrom dat de Provinsje yn it Ynterprovinsjaal oerlis (IPO) pleitsje moat foar wolffrije gebieten, dêr’t Fryslân dan ien fan wêze moat. Dat is in lange wei, dêr’t Europa ek foar nedich is. Wy sille der oan wurkje mei ús minsken yn de Europeeske CDA fraksje. Undertusken is it wichtich om mei alle belanghawwenden oan ‘e slach te gean mei in in hannelingsperspektyf om foar te kommen dat de wolf hjir in bliuwende faktor (in roedel) wurdt. Dit lêste is troch de Steaten op 17 juni oannommen!

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.