It CDA gie ôfrûne woansdei akkoart mei it herstelprogramma bioferskaat, dat ynfulling jout oan ‘e ôfspraak oer bioferskaatferbettering yn it bestjoersakkoart. Uterlik 2025 wol Fryslân wer yn in opgeande line sitte mei it bioferskaat. It doel wurdt mjitten oan ‘e Fryske beskerme en bedrige soarten, it stribjen is om foar 2026 de list mei 20% yn te koartsjen. It programma is rjochte op ferbettering, ferbining en ynnovaasje fan wat der al bart. Oant 2023 is dêrfoar 3 miljoen beskikber steld yn it bestjoersakkoart.

CDA Fryslân is fan miening dat ideeën, minsken en organisaasjes by inoar brocht wurde kinne mei dit programma, fan ûnderop. De Provinsje moat it bioferskaat yn eigen plannen en projekten meinimme en de rezjy op dit programma fiere, wat ús oanbelanget sûnder nije rigeljowing. Wurdfierder Attje Meekma pleitte foar in beheinde formaasje: “Sjoch wurkjendewei wat der echt oan minsken yn dit hûs nedich is, de mienskip en organisaasjes kinne ék leverje. En gean net alles opnij mjitten en yndisearjen, mar meitsje gebrûk fan besteande monitoaringssifers en set it jild foaral yn foar konkrete aksjes”.

Net allinnich it bioferskaat docht in berop op ús rintmasterskip, ek de ponge is eat om súnich op te wêzen. Wy kinne it jild mar ien kear útjaan. Wy sille dêrom de jierlikse rapportaazje kritysk folgje. “De lak mei net djoerder wurde as it brief”, sei Attje Meekma yn ‘e Steatenfergadering, dit om oan te jaan dat der net in oerlis- en mjitstruktuer optúge wurde moat. De foto by it artikel is makke troch wurdfierder Attje Meekma, op twitter deelt sy faaks foto's fan it libben ien de greide fan har bedriuw. 

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.