Yn it bestjoersakkoart is ôfpraat om it NatuurNetwerk Nederland (NNN) te realisearjen, úterlik yn 2027. Hjir is PS yn 2019 mei akkoart gien. Doedestiids wie der heechút jild foar it ferplichte diel fanút Europa (Natura2000 en KRW doelen), mar net foar prioriteit 3 en 4, de provinsjale opjefte fan it netwurk. Dêrom is der doe foar keazen allinnich prioriteit 1 en 2 te realisearjen. No liket de sitewaasje oars: de reserves yn it natuurpact binne yntusken oprûn oant 45 miljoen, want de Provinsje slagget der net yn om de it beskikbare jild foar prioriteit 1 en 2 út te jaan. Dêrneist helje wy de deadline net en witte wy ek net seker hoe lang de jildkraan fanút De Haach iepen bliuwt nei 2027 en al hielendal net nei 2030.

Yntusken seach Deputearre Steaten dizze simmer in unike kâns foarby kommen yn it iepenstellen fan de SKNL regeling foar partikulier natuerbehear, foar perselen binnen it NNN, prioriteit 3 en 4. Dêrmei binne der ferwachtings wekt en der is ek grutte belangstelling foar.

CDA Steatelid Meekma tsjinne dêrom hjoed mei de VVD- en PvdAfraksje een moasje yn, om de útjefte wol goed te karren, mar te beheinen oant de 10 miljoen, dy’t it kolleezje tinkt nedich te wêzen. Dêrmei kin DS earst gjin oare unike kânsen mei prioriteit 3 en 4 mear pakke, sûnder dy foar te lizzen oan de Steaten. De moasje is oannommen. De finger moat oan ‘e pols by it jild foar natuerûntwikkeling, omdat der noch te min sicht is of der genôch jild is foar it hiele netwurk. Yn 2022 sil der mear dúdlikheid komme oer de útwurking fan de natueropjefte en it oanbod fan Natuer mei de Mienskip. En hoe’t dat dan matcht mei it beskikbere jild.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.