It hâldt net op…
Nei oanlieding fan it berjocht oer de feiligens fan de brêge fan Koatstertille hat de CDA fraskje soargen. Derom hat Steatelid Rendert Algra skriftelike fragen stelt.
Moai dat Fryslân in wetterrike provinsje is. Mar net, at je net mear fertroud oer de brêgen kinne. Feiligens stiet foar it CDA foarop mar it kin net sa wêze dat frachtferkear, bussen en boeren net mear oer Fryske brêgen kinne. It is goed dat it deistich provinsjebestjoer by de lanlike oerheid oantrunet op it fersneld oanpakken fan'e knipepunten yn'e Fryske ynfrastruktuer. De Fryske CDA fraksje kriget der likernôch hyltiten minder fertrouwen yn at de sinjalen fan ús Fryske bestjoerders wol oankomme yn De Haach?! 'De problemen mei Fryske brêgen steapelje har op! De houten brêgen yn Snits, de HRMK-spoarbrêge, de Ôfslútdyk mei net allinnich problemen oan'e Fryske kant. Oan'e Noard Hollânske kant moat de berekkening oerdien wurde oars komt dêr de feiligens ek yn it gedrang' neffens CDA Steatelid Rendert Algra. 'At we no sjogge nei de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille dan skrik ik fan'e wurden dy't troch Rykswettersteat brûkt wurde!'
“Rijkswaterstaat geeft aan dat de constructieve veiligheid van deze Rijksbrug niet meer kan worden aangetoond, hetgeen betekent dat maatregelen noodzakelijk zijn. De maatregel die Rijkswaterstaat per 11 oktober 7 uur 's ochtends zal doorvoeren is dat zwaar verkeer niet meer over de brug mag en kan.
” Algra: 'Dan freegje jo je dochs ôf wa ‘t de ferantwurdlikheid de kommende dagen nimt?! De feiligens kin net oantoand wurde en frachtauto's, bussen en swier lânbouferkear litte se gewoan ride oant 11 oktober?! It Fryske provinsjale bestjoer sil dochs mear oertsjûging sjen litte moatte yn De Haach. Lit se dêr ek mar rekkening hâlde mei finansjele klaims. It kin net sa wêze dat Fryslân op slot setten wurdt! Omride bij Koatstertille oer brêge Skûlenboarch? Ek dy brêge is net feilich mear. It hâldt net op!'
De fragen foar it Kolleezje:
1. Wannear is it kolleezje troch Rykswettersteat op'e hichte brocht fan it berjocht dat de konstruktive feiligens fan de brêge oer it PM-kanaal bij Koatstertille net mear oantoand wurde kin?
2. Hoe hat it kolleezje reagearre op dizze fiergeande útspraak?
3. Wêrom hat it kolleezje net ôftwongen dat de brêge daliks ôfsluten waard foar bussen, frachtferkear en swier lânbouferkear? Wêrom wie it kolleezje, sa liket it, fan betinken dat it net oantoanen fan'e feiligens gjin swierwaagjend argumint wie foar it fuortdaliks sluten fan'e brêge foar swier ferkear?
4. Kin Rykswettersteat de konstruktive feiligens foar it gewoane autoferkear oer dizze brêge wol oantoane? Hoe wurdt dat oantoand?
5. It is de safolste brêge yn Fryslân wêr’t wat mis mei is. Hokker aksjes hat it kolleezje dêrop ûndernommen? Wat binne oant no ta de resultaten fan de aksjes fan it kolleezje?
7. Om net fierder efterop te reitsjen mei it ûnderhâld fan Fryske brêgen en ryksdiken hat it kolleezje aksje ûndernommen rjochting lanlike polityk. Wêr bestie dy aksje út? Wat hat it kolleezje konkreet ûndernommen? Mei wa hawwe der kontakten west? Wat hat it opsmiten? Sjocht it kolleezje ek noch in rol foar de Steaten by de lobby foar Fryske brêgen en diken? Sa ja welke?
8. It ôfsluten fan brêgen foar swier ferkear bringt in protte oerlêst mei foar frachtriders, busbedriuwen en boeren. Dat jildt nammerste mear foar it ferkear dat gebrûk meitsje moat fan de brêge yn Koatstertille. Op hokker wize wurde hja kompenseard? Kinne hja foar stipe by it ynbringen fan harren klaims terjochte by de provinsje?
9. Sjoen de problemen dy’t it ôfsluten fan ‘e brêge by Koatstertille opsmyt, sil der op koarte termyn reparaasje of ferfanging plakfine moatte. Wannear tinkt it kolleezje dat de brêge wer brûkt wurde kin?