De CDA Statenfractie vraagt de provincie om opheldering over de aantallen verkeersdoden in Fryslân. Vandaag bleek dat het aantal verkeersdoden in Fryslân in 2018 veel hoger ligt dan eerder gepubliceerde cijfers van het Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslan (ROF). Het CBS komt uit op 27 dodelijke slachtoffers in het verkeer, terwijl het ROF meldde dat het ging om 18 doden.
Statenlid Rendert Algra: “Wy binne ferbjustere oer de grutte ferskillen yn ‘e sifers oer ferkearsdeaden. Wy wolle dêrom fan it kolleezje witte oft dizze grutte ferskillen yn foargeande jierren ek oan’e oarder west hawwe. Dêrnjonken wolle wy witte oft it kolleezje ek fan betinken is dat sokke grutte ferskillen it stellen fan hurde doelstellings lestich meitsje en hokker aksje it kolleezje ûndernimme sil om in iendúdich byld te krijen fan it oantal ferkearsdeaden yn Fryslân. Ta beslút freegje wy ús ôf oft de privasy wetjouwing it krijen fan iendúdige sifers yn’e wei stiet en hokker aksje Deputearre Steaten nimme om wol mei deselde sifers te wurkjen.”