29 januari 2022

Fan de foarsitter fan CDA Dantumadiel

Wat docht en fynt de foarsitter fan CDA dantumadiel?!

Ik as taak fan de foarsitter om te soargjen dat de partij rint en meiïnoar foarút giet. Soargje dat dêr bining is tusken ús leden, de fraksje, de kandidaten fan de list en it bestjoer. Dat docht de foarsitter net allinnich mar mei it hiele bestjoer dêr ’t elts har/syn bydrage oan leveret.

Sa moat de foarsitter ek ynspirearje en motivearje en dêr mei foar soargje dat ús kandaten op it plak komme en sitte dêr ’t sy it measte foar de partij betsjutte kinne en mei in hiel soad nocht en wille harren bydrage leverje kinne.

Dêrom stean ik ek op de list, midden tusken ús kandidaten yn. Net om yn de gemeenterie te gean, mar om sjen te litten dat ik dêr achter stean. Dat ik graach meidoch en dat ik lykas elkenien op de list bydraach oan de ferkiesingskampanje.

Sa fyn ik ek dat de foarsitter him net iepenbier minge moat yn de politike fraachstikken troch de parse op te sykjen of troch him te úterjen yn de sosjale media. Wol stikjes fan ús kandidaten ûnder de oandacht bringe en trochstjoere yn syn netwurk. De actuele polityk is foar de fraksje. Dat wat wy as CDA yn de kommende fjouwer jier wolle moat ferteld wurde troch ús kandaten op de list oanfierd troch ús listlûker.

En ik moat sizze dat rint opt stuit as in trein. Ik bin tige grutsk. Wy stean fan alle partijen it measte yn ‘e krante en binne it measte te finen op de sosjale media mei positive bydragen. Welke partij hat no sa ’n moaie ferkiesingskrante! Wy fine wat, ha ús gemeente echt wat te bieden en ik bin dêr wis fan dat de kiezers yn Dantumadiel dat ek fan ús fine en lykas fjouwer jier lyn op ús stimme. Sa wurde wy fêst wer de grutste partij, al wurket it lanlik net altiten mei.

Sjoch nei de lokale en provinsjale polityk en wat wy dêr as CDA foar de hiele Mienskip betsjutte. Fanút ús Christen Demokratisch tinken dogge wy in Appel op elkenien dy ’t fynt wat wy ek fine.

Stim dêrom 16 maart op ús. Mar ek as jim net alles fine wat wy ek fine, net stinne mar dêr hinne en stimme! Ek as jim net fine wat wy al fine, stimme en soargje foar lykwicht en balâns. Meitsje gebrûk fan jim demokratisch rjocht om jim hearre te litten en mei alle ynwenners dy ’t stimme meije stjoer te jaan oan ús gemeente.

Albert van der Ploeg - Foarsitter CDA Dantumadiel

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.