Ik bin steatelid omdat ik my graach ynsette wol foar de Fryske mienskip. Ik wenje yn Dantumadiel, dêr’t sân, klaai en fean foar in prachtich ôfwikseljend lânskip soargje. Myn wurk is ús melkfeebedriuw. Frijwilligerswurk foar de Kloosterkapel Sibrandahûs en de Ynsektenmonitoaring yn boerelân bringe ûntspanning. Us fiif bern (en seis beppesizzers) wenje gelokkich yn ‘e Provinsje. Se binne mei de partners troch wurk yn ûnderwiis, soarch, hoareka en lânbou ekonomysk en sosjaal oan Fryslân ferbûn. 

De mienskip is lykas it lânskip: in grut ferskaat. Mei winsken, mar ek mei soargen, dy’t soms hurd nei bûten brocht wurde. Dy reitsje my. Minsken moatte mear fertrouwen krije yn plak fan mear regels.

Wêr wol ik my de kommende 4 jier foar ynsette? Foar romte om te wenjen, ek yn de doarpen. Foar iepenbier ferfier op maat: berikbere doarpen. Foar natuerbehear mei sûn ferstân: de stienmurde-stân past net by de greidefûgels en de wolf heart net yn de Fryske greiden. Foar de Fryske lânbou, dy is foar it grutste part 'grondgebonden'. Dat past prima neist natuer, mar net by in wâld fan regels en ûnmooglike doelen. En foar de Fryske taal en kultuer: mei in promininter plak yn ‘e mienskip is it in A-merk foar Fryslân. 

Contact: [email protected]

Portefeuilles
- Natuur en water
- Cultuur
- Frysk

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.