06 augustus 2020

CDA stimt yn mei in Lidl yn Boalsert.

Op 1 july stie it útstel op ‘e aginda foar it ynstimmen foar in Lidl op de Sneekerstraat te Boalsert.

Wurdfierder Bauke Dam fan de CDA-fraksje: “Der binne in soad soarchen fanút de omwenden oer ûnder oare tanimmende drokte fan it ferkear en it parkearen. Wy begrype dizze soarch. Derom ha we der yn de kommisjegearkomste ek oandacht foar frege by de wethâlder om dit nochris mei te nimmen yn de gebietsfyzje. De útkomst hjir fan wurd mei naam yn de omjouwingsfergunning foar de nije Lidl.

Wy fan it CDA fyne Boalsert in belangryke stêd foar us gemeente. Us twadde skonk, sa as us boargemaster it terjochte njemd. We wolle Boalsert fjirder untwikkelje, derom bygelyks ek de nij te bouwen wyk die wy as grutte winsk hienen.
Ek Platform Bolsward hat ambysjes foar de sted om it te litte groeie. Sa as presentearre yn ‘Ons Gebouw’ ferline jier.  Dit is under oare goed foar it yn stand hâlden fan de foarsjenningen yn de stêd. In stêd dy ek in regionale funksje hat. En by sa’n stêd heart ek in ‘stêdlik romtlik ûntjouwing’. We moatte us best dwaan om de leefberens yn de stêd goed te hâlden foar elkenien, mar we moatte ek realistysk weze troch te sizzen dat it drokker yn de stêd sil wurde, sa as mei it opknapte stedhûs, de nije wyk, ensafuorthinne.  Derneist sil it alde statjonsgebou flink opknapt wurde en wurd it ferpauperde gebou en de omjouwing der om hinne flink upgraden.

Wy tinke wol dat der in Lidl in Boalsert kin komme. Derom ha wy ynstimt mei it útstel en is it ek troch de Rie oannommen.”

Lês hjir it hiele útstel (punt 5).

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.