16 december 2012

CDA Súdwest-Fryslân stipet de aksje foar behâld Omrop Fryslân

De CDA fraksje Súdwest-Fryslân ropt de CDA Steatenfraksje op om mei te dwaan oan it ynisjatyf om Omrop Fryslân te behâlden foar Fryslân.
CDA Súdwest-Fryslân fynt dat eltse party yn de Provinsjale Steaten efter dit ynisjatyf stean moat.
CDA Súdwest-Fryslân is fan miening dat de foarnommen plannen oangeande de Omrop, en dêrneffens oer de libbensbeskôglike útstjoeringen fan omroppen der fier by troch binne.
Wol it hânfest minderheids talen ûndertekenje, mar net foldwaan oan de ûnderlizzende betingsten!

CDA Súdwest-Fryslân wol dan ek dat de Steatenfraksje har oanslút by de aksje foar behâld fan Omrop Fryslân.
Dêrneist moat it lanlik CDA har hurd opstelle tsjin de plannen fan steatssiktaris Dekker en it kabinet, as it giet om de lokale omroppen.
Ús Fryske taal en kultuer binne de skaaimerken foar toerisme en rekreaasje yn Fryslân!
CDA Súdwest-Fryslân wol dan ek dat de Omrop bliuwt en de programma’s meitsjen bliuwe kin sa as hja dat sels wolle.

Pieter Greidanus


Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.