Donderdag: Vergaderingen & Provinciaal Overleg
Ik haw de moaiste baan fan de wrâld fyn ik sels. Fantastysk wurk, wol lange dagen. Lange dagen mei fergaderingen bygelyks. Hjoed wie sa’n dei. Earst in oantal gewoane ynterne gearkomsten.
As wethâlder finânsjes bin ik ek lid fan de Rie fan Tafersjoch fan it Teater yn Snits. We hiene in koarte gearkomste om in pear dingen ou te stimmen. Dernei mei de auto nei Ljouwert. Der wie de gearkomste fan it “Provinciaal Bestuurlijk Overleg Water (PBOW). Ik bin deistich bestjoerslid fan it PBOW en moast der in ferhaal/ presintaasje hâlde. Fansels wurke earst de beamer net mar ik kin ek wol sûnder… Dernei noch in ynteressante gearkomste oer it Wetterpeil yn de boezem en de gefolgen fan Natura 2000. De trein brocht my wer nei Snit sta. Dernei in lyts hapke iten op de Barbecue mei it personiel. In gesellich barren wert ik ek noch eefkes de fuotten fan de flier hân haw. No noch de mailtjes en it lêzen fan de krante…. Moarn 2 gearkomsten en dernei ferdivedaasje…