Jan Willem Sietsma
Yn 1977 waard ik berne yn in moai wâldhûske oan de Bildwei yn Rottefalle. Ús heit en mem neamden my nei beide pakes Jan Sietsma en Willem Braam. Sûnt 1994 ha ik ferkering mei Richtsje de Boer - in boeredochter út it buordoarp Kompenije - en yn 2002 binne we troud. Tegearre hawwe trije prachige bern fan 13, 11 en 2 jier âld. Ús âldste waard berne yn Lemmer wer we sa’n lytse 5 jier wenne hawwe, oan’t wy yn 2009 yn Eastermar delstrutsen binne.
Eastermar fielde as thúskommen. Wer werom tusken de Lits en de Leijen. It mar wer ik it silen learde yn myn houten piraatsje. Eastermar is in aktief doarp mei in hechte mienskip. Ik set my graach yn foar dizze mienskip, û.o. foar de tsjerke, foar it fuotbalteam en foar de doarpskoöperaasje Enerzjyk Eastermar.
Ik ha yn Ljouwert de HTS dien en tidens myn studjze bin ik yn 2000 mei myn earste bedriuw begûn. Yn de ôfrûne jierren ha ik meardere bedriuwen oprjochte en derneist bin ik ynitiatiefnimmer fan in oantal koöperaasjes. Ik wurkje as direkteur by in ynternasjonaal IT bedriuw út Kanada en dêr hâld ik my dwaande mei IT systemen rûnom de enerzjytransysje en mei projekten rûnom sirkulêre ekonomy yn de yndustrie. Der wurd in appél op ús dien om as rentmasters ús bern en bernsbern in leefbere ierde nij te litten.
As Kristen Demokraat wol ik my nammens it CDA ynsette foar al ús doarpen yn de skitterjende Fryske Wâlden foar in ekomienskip. In mienskip mei ekologysk en ekonomysk lykwicht!
Mei-elkoar bouwe we oan ús takomst!
Ik bin wurdfierder op Miljeu en duorsumens en op Sport en kultuer. Ik fertsjintwurdige it CDA in de Klankbordgroep Visie Tytsjerksteradiel en ik bin contactpersoan foar de doarpen Garyp, Earnewald en Sumar.